Formio (toanielstik)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Formio, yn it oarspronklike Latyn: Phormio, is in komeedzje fan 'e hân fan 'e Romeinske toanielskriuwer Terentius (195/185-159 f.Kr.). It ferhellet oer Formio, in tige manipulative jongeman, dy't syn maten op in mûklistige wize oan 'e frou helpt en it hiele stik dominearret. (Dit personaazje moat net betize wurde mei de histoaryske persoan Formio, in Ateensk admiraal ûnder en foar de Peloponnezyske Oarloch.) Terentius basearre syn Formio op it toanielstik mei deselde namme út 'e trêde iuw f.Kr., fan 'e Aldgrykske toanielskriuwer Apollodoarus fan Karystus, mar paste it ferhaal oan en foege der allegear eleminten oan ta. Formio waard foar it earst opfierd yn Rome, by de Ludi Romani (Romeinske Spullen) fan 161 f.Kr. De Fryske oersetting, fan jhr. mr. T.A.M.A. van Humalda van Eysinga, ferskynde yn 1940.
Formio | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Phormio | |
auteur | Terentius | |
taal | Latyn | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | 161 f.Kr. | |
1e opfiering | 161 f.Kr., Rome | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Formio | |
publikaasje | 1940, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Eisma | |
oersetter | jhr. T.A.M.A. van Humalda van Eysinga |