![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/b/b8/Klm.fokker70.ph-wxd.bristol.arp.jpg/640px-Klm.fokker70.ph-wxd.bristol.arp.jpg&w=640&q=50)
Fokker 70
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Fokker 70 is in ferfearsfleantúch mei twa strielmotors foar regionale flechten. Meidat de motors achter oan de romp sitte hawwe de passazjiers net safolle lêst fan it motorlûd.
It fleantúch wie it lêste ûntwerp fan Fokker yn Nederlân. De earste waard yn tsjinst naam yn 1993. De Fokker 70 is feitlik in lytsere fariant fan de Fokker 100 dy't op syn beurt wer in trochûntwikkele fariant fan de Fokker F-28 wie. Tusken 1993 en 1997 waarden der 48 stiks fan boud. Grutste brûker fan it type is KLM Cityhopper, mei 19 fleantugen (novimber 2014; de lêste 9 tastellen út tsjinst op 28 oktober 2017). Ek tsjinnet der in Fokker 70 as Nederlânsk reageringstastel.
Fokker F70 | |
---|---|
Rol | Ferkearsfleanmasine |
Makker | Fokker |
Untwerper | Fokker |
Earste flecht | 4 april 1993 |
Yn tsjinst | 1993 |
Ut tsjinst | n.f.t. |
Tal makke | 47 (+1 prototype) (1992-1997) |
Brûkers | sjoch tekst |
Farianten | gjin |
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/d/dd/Fokker5.jpg/640px-Fokker5.jpg)
Feitlik wie de earste Fokker 70 in 'trochseage' Fokker 100. By it twadde prototype fan de F100, de PH-MKC, waarden twa seksjes fan it fleantúch fuorthelle, sadat er fjouwer meter koarter waard. Dat tastel hie trije frachtdoarren, ien mear as de reguliere Fokker 70.