Foarútgong
From Wikipedia, the free encyclopedia
Foarútgong of progresje is yn it algemien de beweging fan 'e hjoeddeistige steat fan it ien of oar yn 'e rjochting fan in bettere steat. Yn 'e sosjale kontekst draait it om it idee dat (beskate) feroarings, bygelyks op it mêd fan technology, wittenskip of noarmen en wearden liede kinne ta in ferbetting yn it minsklik bestean. Lju dy't besykje sokke foarútgong tewei te bringen, wurde progressyf neamd. Yn it ramt fan 'e polityk is progressivens it tsjinstelde fan konservatisme, mei't konservativen de maatskippij sa't dy no is, behâlde ('konservearje') wolle. Progressivens yn 'e politike sin wurdt almeast assosjearre mei de sosjalistyske ideology. Foarbylden fan maatskiplike foarútgong binne it yllegaal meitsjen fan berne-arbeid, it ynfieren fan gelikense rjochten foar froulju en it ynfieren fan it homohoulik. Sokke foarútgong kin ûntstean troch in natuerlik proses fan sosjaal-kulturele evolúsje, mar ek troch it aktivisme fan foarstanners fan maatskiplike feroarings. Faak giet it om in kombinaasje fan beide.