From Wikipedia, the free encyclopedia
De lânkring Foarpommeren-Rügen (Dútsk: Landkreis Vorpommern-Rügen) is in bestjoersdistrikt yn it noard fan 'e Dútske dielsteat Meklenburch-Foarpommeren. It grinzget fanút it west mei de klok mei oan 'e Eastsee en de lânkringen Foarpommeren-Greifswald, Mecklenburgische Seenplatte en Rostock. Haadstêd fan 'e lânkring is de hânzestêd Stralsund.
Foarpommeren-Rügen | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Meklenburch-Foarpommeren |
haadplak | Stralsund |
tal gemeenten | 101 |
kenteken | VR, GMN, NVP, RDG, RÜG, (HST) |
Kreisschlüssel | 13 0 73 |
sifers | |
ynwennertal | 227.683 ((31.12.2022) |
oerflak | 3.216,19 km² |
befolkingstichtens | 71 ynw./km² |
oar | |
stifting | 2011 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.lk-vr.de |
De lânkring omfiemet it noardlike diel fan Foarpommeren en westlik fan Recknitz en Trebel in lyts diel fan Meklenburch en ûntstie yn 2011 troch it gearfoegjen fan de eardere lânkringen Noardfoarpommeren en Rügen en de earder kringfrije stêd Stralsund. De namme fan 'e nije lânkring waard mei in referindum op 4 septimber 2011 fêststeld.
It gebiet is populêr by toeristen út binnen- en bûtenlân. Rügen is it grutste eilân fan Dútslân. In oar bekend eilân is Hiddensee. Fischland-Darß-Zingst is in 45 kilometer lang skiereilân tusken Rostock en Stralsund. De binnenstêd fan Stralsund is ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed.
Amten | ||
---|---|---|
|
|
|
1 - haadstêd fan it Amt; 2 - stêd |
Meklenburch-Foarpommeren | ||
---|---|---|
Landkreise Foarpommeren-Greifswald - Foarpommeren-Rügen - Ludwigslust-Parchim - Mecklenburgische Seenplatte - Noardwest-Meklenburch - Rostock | ||
Kreisfreie Städte | ||
· · |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Landkreis Vorpommern-Rügen fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.