Fleetwood Mac
From Wikipedia, the free encyclopedia
Fleetwood Mac is in oarspronklik Ingelsk-Amerikaanske band. De band waard yn 1967 yn Londen oprjochte troch Peter Green (sang, gitaar en mûlharmoanika). Oarspronklik bestie de band út Peter Green en Mick Fleetwood (drums), Jeremy Spencer (gitaar) en Bob Brunning (basgitaar). Fleetwood Mac begûn as bluesband en hjitte yn it earstoan Peter Green´s Fleetwood Mac. Ynearsten is John McVie by de Bluesbreakers bleaun, mar hy hat letter Bob Brunning ferfongen. Yn dy besetting hawwe hja hits hân mei Need your love so bad, Oh Well (part I), Albatross en Man of the world. Oh Well (part I) wie yn 1969 de alderearste Radio Veronica Alarmskiif. Doe't Peter Green der by wei gie bleau de namme Fleetwood Mac. Mick Fleetwood en John McVie binne sûnt de konstante faktor yn de band bleaun. De groep evoluearre yn de rin fan de jierren ta in popgroep mei hieltiten wikseljende besettings. Ek de frou fan John, Christine Perfect song mei. Yn Nederlân binne se benammen bekend troch harren hits as Go your own way, Dreams, Everywhere en Little lies. Yn 1995 waard de band opheft, mar yn 1997 folge in weroprjochting.
Fleetwood Mac | ||
band | ||
Fleetwood Mac yn 2009 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Rock | |
bestean | 1967 – 1995 1997 - No | |
label(s) | Blue Horizon, Reprise, Warner Bros. | |
âld-leden | Peter Green gitaar (1967–1970) † Jeremy Spencer gitaar (1967–1971) Danny Kirwan gitaar (1968–1972) † Bob Welch gitaar (1971–1974) † Bob Weston gitaar (1972–1973) † Dave Walker sang 1972–1973 Lindsey Buckingham gitaar (1975–1987), (1997–2018) Billy Burnette gitaar (1987–1995) Rick Vito gitaar (1987–1991) Bekka Bramlett sang (1993–1995) Dave Mason gitaar (1993–1995) | |
leden | ||
Sang | Stevie Nicks | |
Gitaar | Mike Campbell | |
Gitaar | Neil Finn | |
Toetsen | Christine McVie † | |
Bas | John McVie | |
Drums | Mick Fleetwood |