Fiktoaria (Austraalje)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Fiktoaria (Ingelsk: Victoria) is ien fan 'e seis steaten fan Austraalje. It omfiemet de súdeastlike hoeke fan it lân. De haadstêd en teffens de grutste stêd is Melbourne. Mei 3,0% fan it nasjonaal grûngebiet is Fiktoaria de lytste Australyske steat dy't op it fêstelân leit (inkeld de eilânsteat Tasmaanje is noch lytser). Lykwols hat Fiktoaria, neffens gegevens út 2013, nei Nij-Súd-Wales it grutste ynwennertal fan alle Australyske gewesten: 5,7 miljoen, wat delkomt op 24,8% fan 'e totale Australyske befolking.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Fiktoaria Victoria | |
---|---|
flagge | wapen |
Ingelsk: Peace and prosperity ("Frede en wolfeart") | |
lokaasje yn Austraalje | |
algemien | |
ôfkoarting | VIC |
lân | Austraalje |
status | steat |
haadstêd | Melbourne |
grutste stêd | Melbourne |
sifers | |
ynwennertal | 5.713.000 (2013) |
befolkingstichtens | 24,5 / km² |
oerflak | 237.629 km² (ynkl. wetter) 227.416 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC+10 |
webside | www.vic.gov.au |
Slute