From Wikipedia, the free encyclopedia
De ferleagening fan Petrus of it ûntkennen fan Petrus is in ferhaal yn it Nije Testamint dat yn alle fjouwer kanonike evangeeljes (Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes) op ferskillende wize ferteld wurdt. De ferleagening fan Petrus wurdt gauris yn de kristlike keunst ferbylde en is in wichtich tema yn de kristlike teology.
Under it Lêste Nachtmiel, it peaskemiel dat Jezus mei syn tolve dissipels hold op de jûn dat er ferret waard troch Judas Iskariot (ien fan syn dissipels), fertelde Jezus syn dissipels wat him de folgjende dagen te wachtsjen stie. Petrus ferklearre dat er him nea fan Jezus ôfkeare soe. Doe sei Jezus dat er him trije kear ferleagenje sil ear't de hoanne kraaid. Dat wol dus sizze dat Petrus trije kear ûntkenne soe dat er Jezus koe. Petrus andere dêrop dat er ree wie mei him te stjerren.
Nei't Jezus arrestearre waard, folge Petrus him doe't er nei it hûs fan hegepreester Kajafas brocht waard. Wylst Jezus binnen ûnderfrege waard troch de Sanhedrin, wie Petrus op it binnenplak foar it hûs. Der wie in mannichte fan minsken, dy't harren dêr sammelen, en guon koenen Petrus werom. Hja beskuldigen him in folgling fan Jezus te wêzen. Ut noed om sels ek oppakt te wurden, nettsjinsteande er earder sein hie ree te wêzen en stjer mei him, ûntkende Petrus dat er in folgling wie en dat er him alhiel net koe. Doe hearde er de hoanne kraaien en kaam it him te binnen dat Jezus him earder foarsein hie. Dêrnei krige er spyt en moast gûle; de saneamde Ynkear fan Petrus.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.