![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/0/0b/Vienna_Convention_on_Road_Signs_and_Signals.svg/langfy-640px-Vienna_Convention_on_Road_Signs_and_Signals.svg.png&w=640&q=50)
Ferdrach fan Wenen oangeande ferkearstekens
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Ferdrach fan Wenen oangeande ferkearstekens (Convention on Road Signs and Signals) is in ynternasjonaal ferdrach dy't yn Wenen op 8 novimber 1968 ûndertekene waard mei de bedoeling ferkearsfeiligens fuort te sterkjen en ynternasjonaal dykferkear te helpen troch it standerdisearjen fan ferkearstekens, sa as ferkearsbuorden, ferkearsljochten en dykmarkearring.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/0/0b/Vienna_Convention_on_Road_Signs_and_Signals.svg/640px-Vienna_Convention_on_Road_Signs_and_Signals.svg.png)
██ Lannen dy't it ferdrach offisjeel bekrêftige hawwe
██ Lannen dy't it ferdrach ûndertekene hawwe, dochs noch net offisjeel bekrêftige hawwe
██ Lannen fan de Untwikkelingsmienskip fan Súdlikk Afrika (SADC) dy't de SADC-RTSM brûke (dy't justjes ferskilt fan it Ferdrach fan Wenen)
██ Lannen fan it Sintraalamerikaansk Yntegraasjesysteem (SICA)