From Wikipedia, the free encyclopedia
It Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen Yndianereservaat 77 (Ingelsk: Treaty No. 4 Reserve Grounds 77 Indian Reserve) is in Yndianereservaat yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan, dat deunby en oan 'e westkant fan 'e stêd Fort Qu'Appelle leit. It wurdt dield troch de 33 stammen út súdlik Saskatchewan en Manitoba dy't yn 1874 it Ferdrach Nû. 4 mei it Britske koloniale regear fan Kanada sleaten. It reservaat is ûnbewenne.
Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen Yndianereservaat 77 Treaty No. 4 Reserve Grounds 77 Indian Reserve | ||
polityk | ||
haadplak | n.f.t. | |
stamme | 33 ûnderskate stammen | |
lân | Kanada | |
provinsje | Saskatchewan | |
sifers | ||
ynwenners | – (ûnbewenne) | |
oerflak | 5,3 km² (oarspronklike grutte) | |
bef.tichth. | 0 / km² | |
oar | ||
stifting | 1879 | |
tiidsône | UTC-6 | |
simmertiid | UTC-5 | |
kaart | ||
Lizzing fan it reservaat yn Saskatchewan.
|
Yn 1874 waard nei drege ûnderhannelings tusken fertsjintwurdigers fan 'e Britske Kroan en de opperhaden en oare foaroanmannen fan 'e Flakte-Odjibwe (Plains Ojibwe), Flakte-Kry (Plains Cree), en Assiniboin (Assiniboine) fan 'e súdlik Saskatchewan en it oangrinzgjende súdwestlike part fan Manitoba it fjirde fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen sletten: Ferdrach Nû. 4. By de ûnderhannelings hiene de Yndianen njonken de reservaten foar harren respektivelike troepen ek betongen dat it plak fan 'e ûnderhannelings in apart reservaat wurde soe, dat troch alle stammen dield wurde soe. Hja woene dat dêr de útkearing fan harren jierjilden plakfine soe, en dat it as it plak fan gearkomste foar de Yndianen ûnderling en foar eventuële nije ûnderhannelings mei de Kroan fungearje soe. Sadwaande waard dêrfoar yn 1879 in reservaat fan 1.300 acres (sa'n 5,3 km²) apart set.
Al rillegau neitiid smiet dat swierrichheden op, want om't der nimmen yn it reservaat wenne, seagen de blanke kolonisten yn 'e krite net yn wêrom't sy it lân net hawwe mochten. Fierders woe it Kanadeeske regear leaver net dat de Yndianen in plak hiene om yn grutte klibers gear te kommen en mooglik gear te spannen tsjin it blanke gesach. Mar de Yndianen holden steech fêst oan harren yn it ferdrach fêstleine rjochten, al moasten se dy allegeduerigen wer ôftwinge. Under de Noardwestlike Opstân fan 1885 waarden alle Yndianen dy't net dêr net oan meidiene lykwols opsletten yn harren ôfsûnderlike reservaten, dêr't doe foar it earst ek de útkearing fan 'e jierjilden plakfûn. Yn 1894 ljochte it Kanadeeske Buro foar Yndiaanske Saken it Ministearje fan Binnenlânske Saken yn dat de Ferdrachsgrûnen yn ûnbrûk rekke wiene en "net langer nedich binne foar it doel dêr't se foar bestimd wiene." It reservaat waard doe opheft troch it Kanadeeske regear.
Nei't de opfolger fan dat regear lykwols troch de ôfstammelingen fan 'e ûndertekeners fan Ferdrach Nû. 4 foar de rjochter sleept wie, en nei lange en drege ûnderhannelings dy't dêrop folgen, stimde de Kanadeeske oerheid yn 1995 yn mei in skikking, wêrby't de stammen finansjeel kompinsjearre waarden foar it ferlies fan 'e Ferdrachsgrûnen. Mei it jild koe it meastepart fan it grûngebiet oankocht wurde, en sa koe it dat mear as in iuw nei't it opheft wie, it reservaat wer op 'e nij ynsteld waard. Hjoed de dei stiet der in regearingssintrum, dat ek mei it jild fan 'e skikking boud is, en dêr't de opperhaden fan 'e 33 stamme-organisaasjes fan Ferdrach Nû. 4 gearkomme foar oerlis, mei dêrby in argyf (dêr't de mienskiplike offisjele stikken bewarre wurde) en kantoaren foar de mienskiplike fertsjintwurdigjende organisaasjes.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.