From Wikipedia, the free encyclopedia
Ferdinand Domela Nieuwenhuis (Amsterdam, 31 desimber 1846 - Hilfertsom, 18 novimber 1919), wie de earste sosjalist yn it Nederlânske parlemint.
Ferdinand Domela Nieuwenhuis waard berne as Ferdinand Nieuwenhuis, soan fan Ferdinand Jacobus Nieuwenhuis luthersk predikant en heechlearaar teology, en Henriëtte Frances Beiry. Yn 1859 waard it de famylje Nieuwenhuis by keninklik beslút tastean de namme fan syn beppe har famylje, "Domela", foaroan harren namme ta te foegjen, dat dy famyljenamme net útstjerre soe.
Nei syn stúdzje teology waard er dûmny, yn 1870 yn Harns, yn 1871 yn Beverwyk en fan 1875 ôf yn De Haach. Yn dy tiid ferdjippe er him hieltyd mear yn de sosjale kwestjes en ferlear er stadichoan syn leauwen. Yn 1879 stoppe er mei syn wurk as dûmny.
Dat jier waard er lid fan de Haachske Sosjaal-demokratyske Feriening. Yn 1882 foarmen de Sosjaal-demokratyske Ferieningen it Sosjaal-Demokratysk Bûn (SDB) en keazen Domela Nieuwenhuis as skriuwer. Hy wie ek de redakteur fan Recht voor Allen, it blêd fan it bûn. Faaks om't it bûn ûnder syn oanfiering oanwûn waard er yn 1887 ta seis moannen finzenisstraf feroardiele foar majesteitsskeinen, om't er in anargistysk artikel pleatst hie.
Yn 1888 wie er yn Amsterdam, Grins en Skoatterlân kandidaat by de twaddekeamerferkiezings. Yn Skoatterlân waard er troch in suksesfolle listferbining fan de SDB en de ARP yn Skoatterlân keazen, en dêrtroch waard Domela Nieuwenhuis it earste sosjalistyske keamerlid. It bleau lykwols by ien kear, om't er bot teloarsteld wie yn de parlemintêre demokrasy. Hy waard anargistysker, en al folge it SDB earst, yn 1894 begûn in part fan de leden ûnder lieding fan Pieter Jelles Troelstra de Sosjaal-Demokratyske Arbeiderspartij (SDAP), dy't mear op herfoarming rjochte wie. Ek dat jier waard it bûn as anargistysk ferbean, mar de folgelingen fan Domela Nieuwenhuis begûnen de Sosjalistebûn, dêr't er noch oant 1898 lid fan wie. Fan doe ôf wie er dwaande as publisist en aktivist foar it sosjaal-anargisme.
Yn 1903 ferfarre er nei it Goai. Dêr publisearre er ferskate histoaryske boeken en bibliografyen, en yn 1910 syn memoires. Hy ferstoar 18 novimber 1919 yn Hilversum.
By syn libben waard er sjoen as in soartemint fan apostel fan it sosjalisme; hy hie de bynamme Us ferlosser krigen, en in protte arbeiders, benammen yn de Fryske feanterijgebieten, hienen syn portret oan de muorre. Tsientûzenen wienen by syn begraffenis yn Amsterdam. Yn ferskate plakken yn Nederlân binne strjitten neamd nei Ferdinand Domela Nieuwenhuis. Sûnt 1931 stiet yn Amsterdam in stânbyld fan Domela Nieuwenhuis, makke troch Johan Polet. Op It Hearrenfean stiet it Domela Nieuwenhuismuseum.
Domela troude fjouwerris, trije fan syn froulju stoaren yn it kreambêd.
Yn 1870 troude er Johanna Lulofs by wa't er twa soannen krige, hja stoar yn 1872.
Hy wertroude yn 1874 mei Johanna Adriana Verhagen mei wa't er twa dochters krige, se stoar yn 1877.
Hy wertroude yn 1880 mei Johanna Frederika Schingen Hagen, se krigen ien soan, se stoar yn 1884.
Yn 1891 boaske er Johanna Egberta Godthelp, se krigen in dochter en twa soannen, dêr wie de lettere keunstkilder César Domela Nieuwenhuis by.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.