From Wikipedia, the free encyclopedia
Farman wie in Frânske fleantúchbouwer en motorbouwer dy't oprjochte waard troch de bruorren Henri Farman en Maurice Farman. Yn 1913 kaam ek de tredde broer, Dick Farman, by it bedriuw en waard it omneamd ta Farman Frères. It fabryk ûntwurp en makke fleanmasines tusken 1908 en 1936. By de nasjonalisaasje en reörganisaasje fan de Frânske loftfeartyndustry kaam Farman by de Société Nationale de Constructions Aéronautiques du Centre (SNCAC).
Yn 1941 rjochten de bruorren Farman it bedriuw fannijs op, mar no mei de namme Société Anonyme des Usines Farman (SAUF). It bedriuw waard lykwols mar trije jier letter opslokt troch Sud-Ouest. Yn 1952 besocht de soan fan Maurice Farman, Marcel Farman it nochris mei de SAUF. Dy kear waard de SAUF opheft yn 1956.
Der waarden goed 200 types fleantugen (en motors) troch de bruorren Farman boud tusken 1908 en 1941.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Farman fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.