From Wikipedia, the free encyclopedia
In fakblêd of, minder faak, in faktydskrift, is in tydskrift dat wijd is oan in beskaat fak en dat de útoefeners fan dat berop as doelgroep hat. Sokke blêden hâlde de leden fan 'e fakgroep op 'e hichte fan 'e nije ûntwikkelings yn harren beropsfjild. Yn dy sin binne fakblêden te ferlykjen mei wittenskiplike tydskriften, dy't de lju yn in beskate tûke fan 'e wittenskip op 'e hichte hâlde fan nije ûntdekkings en ûndersiken. Fakblêden wurde fan oarsprong yn 'e regel útjûn troch beropsorganisaasjes, hoewol't de eigentlike eksploitaasje tsjintwurdich faak útbestege is oan in profesjonele útjouwerij en/of drukkerij. Se omfetsje ornaris doelgroeprjochte advertinsjes, dy't men yn oare publikaasjes net tsjinkomt. Mei it jild dat men mei de ferkeap fan advertinsjeromte binnenhellet, wurdt in grut diel fan 'e kosten betelle dy't makke wurde foar de útjefte fan it fakblêd. De rest moat troch de lêzers sels opbrocht wurde yn 'e foarm fan abonnemintsjild. Guon fakblêden hawwe in foarm fan in fergees abonnemint dat bekendstiet as behearske sirkulaasje, wêrby't inkeld leden fan 'e beropsgroep dy't de doelgroep fan it blêd foarmet, yn oanmerking komme foar sa'n abonnemint.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.