FC Barcelona
fuotbalklup yn Barcelona, Spanje / From Wikipedia, the free encyclopedia
FC Barcelona, of ek wol Barça, is in sportklup út Barcelona. De klup heart foar manljusfuotbal by de Jeropeeske top. De klupkleuren binne pears (of granaatread)-blau (blaugrana) en it stadion fan de fuotbaklup hjit Camp Nou, Katalaansk foar 'Nij Fjild'. De grutte rivaal fan Barcelona is Real Madrid. De wedstriden tusken beide klups wurde 'El Clásico' (de Klassiker) neamd. In oare wichtige rivaal is RCD Espanyol, ek út Barcelona. Njonken de manljusfuotbalploech, hat de klup ek teams yn it frouljusfuotbal, sealfuotbal, rugby, basketbal, hânbal, follybal, softbal, rolhokky, iishokky, keunstriden, atletyk en hurdfytsen. De ferneamde slogan fan de klup is 'Més que un club', Katalaansk foar 'Mear as in klup'. Dat ferwiist nei alle ferskate sporten, mar ek nei de posysje fan de klup yn Kataloanje.