From Wikipedia, the free encyclopedia
De Fêste Boarchtsjerke (Nederlânsk: Vaste Burchtkerk) is in tsjerkegebiou oan de Menno van Coehornwei yn Wikel.
Sûnt 2004 hjit de tsjerke Fêste Boarchtsjerke. Oer it boujier fan de tsjerke bestiet ûndúdlikheid. De toer komt út de 15e iuw. Foar de werbou fan it skip wurdt it jier 1671 neamd, sa't ek oanjûn wurdt troch de jiertalankers op de toer. It kin ek wêze dat de tsjerke pas om 1695 werboud waard.[1] De toer waard yn 1821 restaurearre. [2]
Yn de tsjerke leit it prealgrêf fan Menno van Coehoorn (1641-1704). It waard ûntwurpen troch Daniël Marot en makke troch de byldhouwer Pieter van der Plas. Der styeane twa hearebanken. De grutste wie fan de famylje Van Coehoorn. It oargel komt út 1900 en is makke troch Bakker & Timmenga.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.