European League follybal manlju 2010
From Wikipedia, the free encyclopedia
De European League follybal manlju 2010 is de sande edysje fan it jierlikse European League follybal. Der dogge acht Europeeske lannen mei. De earste omloop waard spile fan 4 juny oant en mei 11 july, de finale waard yn Spanje hâlden op 16 en 17 july. Yn de earste omloop wiene de acht lannen ûnderferdield yn twa groepen fan fjouwer lannen. Yn de earste omloop waard der spile yn 6 ferskate omlopen. Yn totaal spile elts lân twaris tsjin itselde lân. De beide winners fan de groepen, de bêste nûmer 2 en it gastlân pleatsten har foar de finaleomloop. Yn dit gefal wie Spanje it gastlân, dus Spanje wie al pleatst foar de finaleomloop, mar wie ek nûmer ien yn groep A. Dêrtroch giene nêst Spanje, Portegal (winner fan groep B) Roemeenje en Turkije ek troch nei de finaleomloop. It evenemint wurdt organisearre troch it CEV, it Europeeske follybalbûn.