![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/d/d7/Empress_Eug%25C3%25A9nie_in_Court_Dress_%2528after_Winterhalter%252C_Compi%25C3%25A8gne_IMP25%2529.jpg/640px-Empress_Eug%25C3%25A9nie_in_Court_Dress_%2528after_Winterhalter%252C_Compi%25C3%25A8gne_IMP25%2529.jpg&w=640&q=50)
Eugénie fan Montijo
From Wikipedia, the free encyclopedia
Eugénie fan Montijo of Eugénie de Montijo (útspr.: [øʒe:'ni də mon'tiχo], likernôch: "eu-zjee-ny duh mon-ty-cho"; folút: doña María Eugenia Ignacia Augustina de Palafox y Kirkpatrick, 15e markizinne fan Ardales en 16e grevinne fan Teba) (Granada, 5 maaie 1826 – Madrid, 11 july 1920) wie in Spaansk ealfrouwe fan mingd etnysk komôf en de lêste keizerinne fan 'e Frânsen as de gemalinne fan keizer Napoleon III. Hja troude mei him yn 1853, in jier nei't er op 'e Frânske troan kommen wie. Doe't har man nei de Frânske nederlaach yn 'e Frânsk-Dútske Oarloch fan 1870-1871 ôfset waard, gie Eugénie yn ballingskip yn Ingelân, dêr't se oan har dea ta wenjen bleau. Se stoar yn 'e âlderdom fan 94 jier wylst se op famyljebesite yn Madrid wie.
Fluch de feiten
Eugénie fan Montijo | ||
![]() | ||
![]() | ||
Portret troch Franz Xaver Winterhalter út 1853. | ||
echte namme | doña María Eugenia Ignacia Augustina de Palafox y Kirkpatrick, 15e markgrevinne fan Ardales, 16e grevinne fan Teba | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 5 maaie 1826 | |
berteplak | Granada (Spanje) | |
stjerdatum | 11 july 1920 | |
stjerplak | Madrid (Spanje) | |
dynasty | Bonaparte (yntroud) | |
etnisiteit | ![]() ![]() ![]() | |
keizerinne-gemalinne fan Frankryk | ||
amtsperioade | 1853 – 1870 | |
foargonger | Marije Louise fan Eastenryk | |
opfolger | Clémentine fan Belgje (pretinsje) |
Slute
N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is María Eugenia Ignacia Augustina. De earste efternamme (fan heitekant) is (de) Palafox, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Kirkpatrick. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm (de) Palafox of oars (de) Palafox y Kirkpatrick brûkt wurde.