Eskimo-Aleoetyske talen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Eskimo-Aleoetyske talen of Inûyt-Aleoetyske talen foarmje in taalfamylje wêrfan't it ferspriedingsgebiet de Beringstrjitte oerbrêget. De ûnderskate talen dy't ta dizze groep hearre, wurde sadwaande sprutsen yn sawol Aazje as Noard-Amearika. De Eskimo-Aleoetyske talen falle útinoar yn it Aleoetysk en de Eskimo-talen. Yn totaal omfiemet de taalkloft sa'n 13 talen (ôfhinklik fan wêr't men de grins tusken taal en dialekt leit), dy't yn 2011 mei-inoar 128.000 memmetaalsprekkers hiene.
Fluch de feiten
Eskimo-Aleoetyske talen | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Inûyt-Aleoetyske talen | |
lokaasje | noardlik Noard-Amearika en de eastpunt fan Sibearje | |
tal talen | 13 | |
tal sprekkers | 128.000 (2011) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | gjin algemien akseptearre heger nivo fan taalfamylje | |
subgroepen | ● Aleoetysk ● Eskimo-talen | |
taalkoades | ||
ISO 639-5 | esx |
Slute