Erdenet
From Wikipedia, the free encyclopedia
Erdenet (Mongoalsk: Эрдэнэт / ᠡᠷᠳᠡᠨᠡᠲ, letterlik 'mei skatten') is in yndustrystêd yn Mongoalje. It is de twadde stêd fan it lân nei de haadstêd Ulaanbaatar. Erdenet leit likernôch 410 kilometer noardwestlik fan Ulaanbaatar yn de Ajmag Orhon, dêr't it ek de haadstêd fan is.
Fluch de feiten
Erdenet Эрдэнэт | ||
Sicht op Erdenet | ||
Polityk | ||
Lân | Mongoalje | |
Provinsje | Orhon | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 86.866 (2008) | |
Oerflak | 208 km² | |
Befolkingsticht. | / km² | |
Hichte | 1300 m | |
Oar | ||
Stifting | 1975 | |
Tiidsône | UTC+8 | |
Koördinaten |
Slute
Erdenet leit oan de foet fan it Burengiin-berchtme. De stêd waard pas yn 1975 stifte, om de wurknimmers fan de nije kopermyn ûnder te bringen. Op kaarten út de tiid fan it kommunisme yn de Sovjet-Uny waard it plak om reden fan har strategysk belang mei opsetsin op in ferkeard plak oanjûn.