Enkête
From Wikipedia, the free encyclopedia
In enkête of befreging is in wize fan ûndersyk dwaan, wêrby’t gebrûk makke wurdt fan in fragelist, dy’t oan meardere persoanen foarlein wurdt. Dy persoanen kinne in hiele doelgroep foarmje, of se binne út in represintative stekproef helle. It ûndersyk kin om sawol feiten as mienings gean (lykas by in opinypeiling). De útslach fan in enkête kin op himsels holden wurde mar tsjinnet meast as stipe foar oare gegevens.
In enkête is meast anonym en it resultaat is in trochsnee fan mienings. In al of net slagge resultaat hinget fan de mjitte ôf wêryn’t in doelgroep represintatyf is, en yn hoefier de antwurden op de enkêtefragen bydrage oan it ûndersyk.
Yn de polityk bestiet ek it rjocht op enkête wêrby’t riedsleden en keamerleden de mooglikheid hawwe om in ûndersyk dwaan te litten nei besluten dy’t nommen binne by grutte projekten.