From Wikipedia, the free encyclopedia
Eltville am Rhein (fanút it latyn: Alta Villa, "heger hôf, heger lizzende stêd" en ferbastere ta Eldeville, Elfeld en letter ta Eltville) is de grutste stêd fan 'e Ryngoa en leit yn 'e Rheingau-Taunus-Kreis yn Hessen, Dútslân.
Eltville am Rhein | ||
It karfoarstlike kastiel yn Eltville. | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Hessen | |
lânkring | Rheingau-Taunus-Kreis | |
Stedsyndieling | 5 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 17.112 (2022) | |
Oerflak | 46,77 km² | |
Befolkingsticht. | 366 ynw./km² | |
Hichte | 86 m | |
Oar | ||
Postkoade | 65343-65347 | |
Koördinaten | 50° 1'N 8° 7'E | |
Offisjele webside | ||
www.eltville.de | ||
Kaart | ||
De stêd neamt himsels "Wynstêd", "Sektstêd" en "Roazestêd". Sûnt 2006 hat de ried dêr "Gutenbergstêd" oan tafoege en yn 2020 is Eltville ek nochris de "Duorsumensstêd", wermei't Eltville de measte titels fan Dútslân draacht.
De stêd bestiet út fiif Ortsbezirke, mei elts in eigen Ortbeirat en ien dy't dy ried foarsit, in Ortsvorsteher:
Sûnt 1 july 1972 waard de earder selsstannige gemeente Hattenheim by Eltville yndield. Erbach, Martinsthal en Rauenthal waarden op 1 jannewaris 1977 by Eltville foege.
De earste spoaren fan bewenning yn it stedsgebiet geane werom op 'e jonge stientiid. Ut de romeinske tiid binne resten fan in lânhûs fûn. In Frankysk grêffjild westlik fan Eltville út 'e ein fan 'e 4e iuw wiist op bewenning nei de Romeinen. In Frankysk keningshôf bekend ûnder Altavilla stie oan it begjin fan 'e ûntwikkeling fan it hjoeddeiske plak. Letter kaam it keningshôf yn hannen fan it aartsstift Mainz. De parochytsjerke bestie nei alle gedachten al ûnder aartsbiskop Friedrich tusken 937 en 954.
Yn 1313 hie it doarp al in muorre en yn 1329 waard útein set mei de bou fan 'e aartsbiskoplike boarch en de bou fan in stedsmuorre. Keizer Loadewyk de Beier ferliende op fersyk fan d'e aartsbiskop stedsrjochten oan Eltville. Sûnt de foltôging fan 'e boarch yn 1347 bleau Eltville oant 1480 de residinsje fan 'e Mainzer aartsbiskoppen. Dêrmei foarme de stêd ferskillende kearen it toaniel fan 'e striid tusken de paus en de keizer oer de besetting fan 'e biskoplike troan. Nei it fuortgean fan de aartsbiskoppen bleau Eltville haadstêd fan 'e Ryngoa.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.