![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/0/03/Elma_de_Vries_-_5000m_-_Speed_Skating_-_Vancouver_2010.jpg/640px-Elma_de_Vries_-_5000m_-_Speed_Skating_-_Vancouver_2010.jpg&w=640&q=50)
Elma de Vries
From Wikipedia, the free encyclopedia
Elma de Vries (De Haule, 20 maart 1983) is in Fryske langebaanrydster, skeelerster en maratonrydster. Se hat it vwo ôfmakke en docht op dit stuit (2007) ek in stúdzje sosjale geografy.
Elma de Vries | ||
![]() | ||
![]() | ||
Elma de Vries op de Olympyske Winterspullen 2010 - 5000 m froulju | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 20 maart 1983 | |
berteplak | De Haule | |
sportive ynformaasje | ||
sport | reedriden | |
ûnderdiel | maraton |
Yn it seizoen 2001/2002 ried Elma de Vries ( bynamme Elmie of Elmo) yn Jong Oranje. Nei 2 WK's foar junioaren en 2 seizoenen stoppe se lykwols mei it langebaanriden. Hjirnei gie se troch mei maratonriden. Har rentree yn it langebaanriden makke se yn seizoen 2006/2007 by it NK ôfstannen. It seizoen dêrnei helle se ûnder mear in fjirde plak op de 5000 meter. Har karriêre yn it maratonriden is in stik ymposanter. Yn seizoen 2005/2006 wûn se 7 kear op keunstiis wêrûnder 3 etappes fan the Greenery en de iepeningswedstriid fan it seizoen. Boppedat waard se winner fan de greenery 4-deiske en tredde yn it einklassemint.