![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/1/11/Kittitas_County_Washington_Incorporated_and_Unincorporated_areas_Ellensburg_Highlighted.svg/langfy-640px-Kittitas_County_Washington_Incorporated_and_Unincorporated_areas_Ellensburg_Highlighted.svg.png&w=640&q=50)
Ellensburg (Washington)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ellensburg is in stêd (city) en de haadstêd fan Kittitas County yn it midden fan de Amerikaanske steat Washington. Neffens de folkstelling fan 2010 hie it 18.174 ynwenners en neffens in rûzing yn 2012 hie it plak 18.348 ynwenners. De stêd leit praktysk hielendal yn it midden fan de steat. De rykswei Interstate 90 fan Seattle (165 km bewesten) nei Spokane (280 km eastlik) rint besuden by de stêd lâns. Sa'n 1 km eastlik fan de ôfslach nei Ellensburg fan Interstate 90 is de krusing mei rykswei Interstate 82 dy súdlik nei Yakima (50 km) ta rint. Ek de rivier de Yakima rint súdwestlik by de stêd lâns. Yn de stêd stiet de Central Washington State University. De stêd is ek ferneamd om de Ellensburg Rodeo. It sintrum fan de stêd hat in ferskaat oan histoaryske gebouwen út ein 19e iuw, want de stêd hie plannen om haadstêd fan Washington te wurden, wat it ferlear fan Olympia.
Ellensburg | ||
![]() | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington | |
County | Kittitas County | |
Boargemaster | Bruce Tabb | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 18.174 (2010) | |
Oerflak | 18,05 km² | |
Befolkingsticht. | 1014 / km² | |
Hichte | 470 m | |
Oar | ||
Stifting | 1872 | |
Postkoade | 98926 | |
Tiidsône | Pacific (PST)UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Offisjele webside | ||
ci.ellensburg.wa.us |
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/2/2f/2008-1019-01-Ellensburg01.jpg/640px-2008-1019-01-Ellensburg01.jpg)
Ellensburg leit yn de frjochtbere Kittitas Fallei, dy't ferneamd is om har timotee fjilden en produksje. It leit eastlik fan it Cascades berchtme. Dit berchtme foarmet in reinskaad, sadat it reinwetter oan 'e westkant bliuwt en ta easten folle drûger is. Trochsneed jierlikse delfal is 231,1 mm. It lân hjir is dus drûch en wurdt mei bewettering troch groeven bewetteringssleatten fia de rivier de Yakima mei teide sniewetter fan de Cascades nei it lân ferfierd.