From Wikipedia, the free encyclopedia
In efter-de-skermendokumintêre, ek wol bekend ûnder de Ingelske termen behind-the-scenes, on the set of making-of, is in soarte dokumintêre dêr't yn sjen litten wurdt hoe't it der 'efter de skermen' om en ta giet, bygelyks by de produksje fan in film, in tillefyzjeprogramma of in toanielfoarstelling.
Sokke dokumintêres foarmje binnen de filmwrâld in eigen sjenre, temear mei't se hieltyd faker der lingte fan in spylfilm (oardel oere) hawwe. Dêrtroch kin it yn útsûnderlike gefallen foarkomme dat sa'n dokumintêre sels wichtiger wurdt as de film dêr't er oer giet. In bekend foarbyld is Lost in La Mancha, wêryn't ferslach dien wurdt fan 'e muoisume produksje en de úteinlik stopsetting fan 'e plande film The Man Who Killed Don Quixote.
Efter-de-skermendokumintêres oer films dy't wól makke binne, wurde yn 'e regel om 'e datum fan 'e premiêre hinne fertoand as ûnderdiel fan 'e marketing fan 'e produsint. Ek wurde se wol as bonustaheakke tafoege oan dvd-útjeften fan 'e oanbelangjende film.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.