Eed fan Straasburch
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Eed fan Straasburch (Latyn: Sacramenta Argentariae; Frânsk: Les Serments de Strasbourg; Dútsk: Die Straßburger Eide) wie in plechtige alliânsje tusken de healbruorren Loadewyk de Dútser, kening fan East-Frânsje, en Karel de Keale, kening fan West-Frânsje tsjin harren (heal)broer Lotarius I, kening fan Midden-Frânsje en hâlder fan de keizerstitel fan it Frankyske Ryk. De Eed waard tekene op 14 febrewaris 842. Hja binne skreaun yn trije ferskillende talen: Midsiuwsk Latyn, Galloromaansk en Aldheechdútsk allegear yn Karolingyske minuskel. It Romaanske diel is oer it algemien bepaald dat dat ien fan de earste teksten is yn in taal dy't him ûnderskiedt yn in Galloromaanske. De tekst is opsteld troch Nithard.