Edina (útspr.: [i:'dainǝ]) is in stêd yn Hennepin County, yn it súdlike part fan 'e Amerikaanske steat Minnesota. It leit direkt súdwestlik fan 'e metropoal Minneapolis. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan 'e stêd doe op goed 49.000 minsken. Edina is in foarstêd fan 'e earste ring fan 'e agglomeraasje fan Minneapolis-St. Paul, in stêdekloft dy't goed 3,4 miljoen ynwenners hat. Edina wurdt yn 'e regel beskôge as ien fan 'e woltierichste dielen fan 'e saneamde Twillingstêden.

Fluch de feiten
Edina
Thumb
In winkelstrjitte yn Edina.
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Minnesota
County Hennepin County
Sifers
Ynwennertal49.050 (2010)
Oerflak41,4 km² (ynkl. wetter)
40,0 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht.1.198,1 / km²
StêdekloftMinneapolis-St. Paul
Hichte281 m
Oar
Stifting1864
TiidsôneUTC-6
SimmertiidUTC-5
Koördinaten44°53′44″N 93°21′17″W
Offisjele webside
edinamn.gov
Kaart
Thumb
De lizzing fan Edina yn Hennepin County en yn 'e steat Minnesota.
Slute

Skiednis

Edina waard yn 1864 stifte troch kolonisten dy't foar de Jirpelhongersneed út Ierlân wei flechte wiene. Letter fêstigen har der ek frijwat Skotten. Yn dy tiid foel Edina noch ûnder Richfield Township, dat it persize jier fan 'e stifting is net dúdlik oan te jaan. Yn elts gefal waard yn 1888 troch de bewenners besletten om in selsstannich doarp te stiftsjen, los fan Richfield Township. As namme foar de nije delsetting waard Edina útkeazen, in dichterlike bynamme fan 'e Skotske haadstêd Edinburgh.

Thumb
It stedhûs fan Edina.

Yn it begjin wie Edina in saneamde sundown town, lykas safolle oaren yn dy tiid. Dat woe sizze dat it ferbean wie foar swarten en Joaden om har der nei wenjen te setten of ûnreplik goed yn eigendom te hawwen. Yn 1920 skate it noardeastlike part fan Edina him fan 'e rest ôf as it doarp Morningside. Goed 45 jier letter, yn 1966, waard Morningside wer troch Edina anneksearre.

Hjoed de dei stiet Edina yn 'e stêdekloft fan Minneapolis-Sint-Paul bekend as ien fan 'e woltieriger dielen. Dat soks fierhinne op wierheid berêst, wurdt bewiisd troch it feit dat it gemiddelde ynkommen fan 'e ynwenners fan Edina op rom $66.000 leit, wat in protte is yn ferliking ta Minneapolis (krapoan $38.000) en de steat Minnesota as gehiel (rom $47.000). De ynwenners fan Edina wurde sadwaande wol cake eaters ("taartfretters") neamd, in ferwizing nei it foutyf oan 'e Frânske keninginne Marie Antoinette taskreaune sitaat (oangeande de earmen, dy't gjin brea hiene): "Lit se dan taart ite."

Demografy

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Edina 20,7% âlder as 65 jier en 24,2% jonger as 18 jier. Fierders bestie 33,1% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst neffens âldere gegevens fan in offisjele skatting út 2007 doe 3,3% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 85,8% blanken; 6,1% Aziaten; 3,0% swarten; 2,3% Latino's; 0,2% Yndianen; 2,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Thumb
De pleatslike bioskoop.

Bekende ynwenners

berne yn Edina
wenne(t) yn Edina

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.