Edgar Award
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Edgar Awards of de Edgars, eins folút de Edgar Allan Poe Awards, binne in groep Amerikaanske prizen dy't sûnt 1946 elts jier útrikt wurde foar de bêste wurken fan it misdiesjenre út it foargeande jier, op it mêd fan literatuer, non-fiksje, toaniel, tillefyzje en film. De tawizing fan 'e prizen wurdt ferrjochte troch de Mystery Writers of America (MWA), in feriening fan Amerikaanske misdieskriuwers, en de útrikking fynt plak by in galaseremoanje dy't holden wurdt yn New York. De Edgar Award is de wichtichtste priis fan 'e wrâld yn syn sjenre. De priis is ferneamd nei de romrofte njoggentjinde-iuwske skriuwer en dichter Edgar Allan Poe.
Fluch de feiten
Edgar Allan Poe Award Edgar of Edgar Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | misdiesjenre | |
útrikt troch | Mystery Writers of America | |
frekwinsje | 1x jiers | |
plak | New York (New York) | |
1e útrikking | 1946 | |
offisjele webside | ||
www.mysterywriters.org |
Slute