Hoedersdichten
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Hoedersdichten of Eklogen, yn it oarspronklike Latyn: de Eclogae (ek wol bekend as de Bucolica), is in lang, ferheljend dichtwurk fan 'e hân fan 'e Romeinske dichter Fergilius (70-19 f.Kr.). Neffens de biografyske tradysje soe Fergilius it skreaun hawwe yn 42 f.Kr., en publisearre er it yn 39 of 38 f.Kr., al wurdt dit tsjintwurdich net mear algemien akseptearre. De Hoedersdichten is opboud út tsien gedichten of "eklogen" ("seleksjes") dy't loskes basearre binne op 'e Bucolica (letterlik: "Oangeande de Fersoarging fan Fee"), in wurk fan pastorale poëzij fan 'e hellenistyske dichter Teokritus.
Fluch de feiten
Hoedersdichten | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Eclogae | |
auteur | Fergilius | |
taal | Latyn | |
foarm | poëzij | |
sjenre | epos | |
skreaun | 42 f.Kr. |
Slute