From Wikipedia, the free encyclopedia
It Earste Brief oan de Korintiërs, yn it oarspronklike Gryksk: Α' Επιστολή προς Κορινθιους, Alfa Epistoli pros Korinthious, ek wol koartwei 1 Korintiërs neamd, is it sânde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de twadde fan 'e brieven, en heart ta de Brieven fan Paulus. Dat de apostel Paulus dit brief skreaun hat, is frijwol ûnbekreaud, al neamt er sels yn 'e ynlieding "ús broer Sostenes" as mei-skriuwer. 1 Korintiërs waard skreaun yn 'e stêd Efeze, oan 'e westkust fan Lyts-Aazje, dêr't Paulus likernôch trije jier tahold nei't er yn it Grykske Korinte in kristlike gemeente stifte hie (sjoch: Hannelingen 18:1-17). De bedoeling dy't er dermei hie, wie om 'e Korintyske kristenen op it rjochte paad te hâlden. De measte bibelwittenskippers en teologen datearje it brief yn 'e jierren 53-57. 1 Korintiërs is mei it Brief oan de Romeinen ien fan 'e Brieven fan Paulus dy't de grutste ynfloed útoefene hat op 'e kristlike teology, mei útspraken as: "as ik de leafde net hie, wie ik neat" (1 Kor. 13:2) en "doe't ik in lyts bern wie, prate ik as in bern, tocht ik as in bern, riddenearre ik as in bern. No't ik in man wurden bin, haw ik it bernlike oan 'e kant dien" (1 Kor. 13:11). De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Korintiërs stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.
Earste Brief oan de Korintiërs | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Α' Επιστολή προς Κορινθιους ("Alfa Epistoli pros Korinthious") | |
auteur | Paulus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 53 – 57 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Brief oan de Romeinen | |
● folgjend diel | Twadde Brief oan de Korintiërs | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Earste Brief oan de Korintiërs | |
publikaasje | 1933, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Yn 'e tiid dat Paulus 1 Korintiërs skreau, stie it der mei de gemeente yn Korinte net sa fleurich foar. Behalven dat der ynterne rebûlje wie, hie ien fan 'e gemeenteleden gedoente mei syn eigen pleechmem en de oare kristenen lieten dat gewurde. Mannichien fûn huorkerij gjin slim fergryp en der wiene sels bruorren dy't leaver nei heidenske rjochters tastapten om oare kristenen oan te kleien, as dat se fan eigen folk wat ûnrjocht ferneare woene. It wie dúdlik dat der immen regaad meitsje moast, en om't Paulus de Korintyske gemeente stifte hie, foel him dy taak ta.
Paulus begjint syn brief mei in ynlieding en groetnis (1 Kor. 1:1-9). Dêrnei falt er daliks mei de doar yn 'e hûs troch alle misstannen yn 'e Korintyske gemeente oan 'e kaak te stellen: de partijskippen ûnder de kristenen (1 Kor. 1:1-10-4:21); de skandlike sûnde fan fleislike omgong mei de eigen pleechmem (1 Kor. 5); rjocht sykjen by heidenske rjochters (1 Kor. 6:1-11); en moreel ferfal en huorkerij (1 Kor. 6:12-20). As er dy saken ienris út 'e wei romme hat, giet er fierder mei antwurd te jaan op fragen dy't er út Korinte krigen hat: oangeande trouwen, wat er in needsaaklik kwea achtet (1 Kor. 7); oangeande it al of net iten fan offerfleis, dat men better litte kin (1 Kor. 8-9); oangeande de earetsjinst, wêrby't er de gemeenteleden opleit om by heidenske feesten wei te bliuwen, leafde foar de swakken te hawwen, froulju net mei de bleate plasse profetearje te litten en it nachtmiel fan 'e Heare mei-inoar te dielen (1 Kor. 10-11); oangeande de jeften fan 'e Hillige Geast (1 Kor. 12-14); oangeande de opstanning fan 'e deaden (1 Kor. 15); en oangeande it hâlden fan kollekten (1 Kor. 16:1-4).
As er op 'e tekst is oer de jeften fan 'e Hillige Geast, foeget Paulus ek it saneamde Liet fan de Leafde (1 Kor. 13) ta, dat sûnder mis de bekendste passaazje fan 1 Korintiërs en miskien wol fan it hiele Nije Testamint is. It is in lofsang op 'e leafde, mar dêrmei bedoelde Paulus: de leafde foar God. Op 'e leafde tusken man en frou hied er altiten wat in skalk each. Op froulju hied er it trouwens dochs al net stean. Sa hâldt er yn 1 Kor. 14:34-35 út dat froulju har yn gearkomsten stilhâlde moatte. Paulus beslút it brief mei meidielings oer syn reisplannen, oanbefellings en in groetnis (1 Kor. 16:5-24).
Gerben Colmjon sette yn 1863 it hiele haadstik 1 Korintiërs 13, it Liet fan de Leafde, oer yn it Frysk en joech it út as taheakke by syn Beknopte Friesche Spraakkunst. Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe krektlyk in oersetting (fan eigen hân) fan 1 Kor. 13 út. De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Korintiërs stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan 1 Korintiërs waard dêrby dien troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. J.H. Brouwer.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.