From Wikipedia, the free encyclopedia
De E Street Band is in Amerikaanske Rockband en begeliedingsband. Hja trede al sûnt 1972 op tegearre mei Bruce Springsteen.
E Street Band | ||
band | ||
De E Street Band by Bruce Springsteen's Working on a Dream Tour 2009, Valladolid, Spanje | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Rock | |
bestean | 1972 - No | |
âld-leden | Clarence Clemons saksofoan (1972-2011) †, Danny Federici oargel & akkordeon (1972-2008) † | |
leden | ||
Gitaar | Steven Van Zandt | |
Gitaar | Nils Lofgren | |
Gitaar | Patti Scialfa | |
Toetsen | Roy Bittan | |
Bas | Gary Tallent | |
Drums | Max Weinberg |
De E Street Band ûntstie yn oktober 1972, mar krige pas yn septimber 1974 offisjeel dy namme. De namme is ôflaat fan "E Street" yn Belmar yn New Jersey, dêr't ien fan de doetiidske muzikanten (keyboardspiler David Sancious) opgroeid wie en dêr't de band sa no en dan yn de garaazje fan syn mem repetearje mocht. Yn 1989 gie de band útinoar, yn 1995 wie der in koarte weroplibbing en yn 1999 folge in weroprjochting, wêrnei't de band oant hjoed de dei (2017) ta bestiet.
Twa fan de oarspronklike bandleden binne ûnderwilens ferstoarn: Danny Federici yn 2008 en Clarence Clemons yn de simmer fan 2011.
De band hat yn it ferline ek mei oare artysten optreden, ûnder oaren: Bob Dylan, Meat Loaf, Neil Young, Lou Reed, Bonnie Tyler, Air Supply, Dire Straits, David Bowie, Peter Gabriel, Stevie Nicks, Tom Morello, Sting, Ian Hunter, Ringo Starr, Ray Davies, Ronnie Spector, Gary U.S. Bonds, Darlene Love, Southside Johnny, The Grateful Dead, Santana, Lucinda Williams, Steve Earle, Emmylou Harris, Tracy Chapman, Lady Gaga en Aretha Franklin.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory E Street Band fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.