From Wikipedia, the free encyclopedia
Dyksterhuzen of Dykstrahuzen,is in buorskip yn De Waadhoeke. Hy leit yn de himrik fan Bitgum, noardwestlik fan Ljouwert en east fan Berltsum. De buorskip bestie earder út in tal foarname pleatsen dy't oan de noard- en benammen de súdkant fan de eardere Slachtedyk stienen. De staten Buma en Aysma leinen der eartiids, en yn de tiid dêrnei de boupleatsen Grut- en Lyts-Aysma. De aadlike Van Aysma’s bewennen Âld Grut Aysma (letter Nij Grut Aisma) op Dyksterhuzen, dat stee hjit yn 2008 'Saadsum'. De namme komt ek foar as Dyxterhuysen, Dyckstrahusen, Dijcstra huysen en Dijksterhuizen. De strjitte yn Bitgummole rjochting Marsum hjit tsjintwurdich ek Dyksterhuzen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.