From Wikipedia, the free encyclopedia
In drug (almeast brûkt yn 'e meartalsfoarm drugs) is in substânsje dy't by ynhalearjen, ynjektearjen, smoken, iten, drinken, opname troch de hûd fia in pleister of oplossing ûnder de tonge in tydlike fysiologyske en faak ek psychologyske feroaring yn it minsklik lichem tewei bringt. It byhearrende tiidwurd is jin drogearje. De term 'drug' komt fan it Midnederlânske droge, dêr't ek "drogist" op weromgiet. It Frânsk ûntliende dêr it wurd drogue oan, dat yn it Ingelsk bedarre as drug en dêrwei wer weromliend waard troch it Nederlânsk en it Frysk. 'Drugs' is in sammelnamme foar genêsmiddels en genotsmiddels mei in ferdôvjende, stimulearjende of hallusinogene wurking op it bewustwêzen, wêrfan't ynname gauris liede kin ta in ferslaving. As men dan ophâldt mei ynname (oftewol ôfkickt) kriget men tige ûnoangename ûntwenningsferskynsels.
Yn 'e measte lannen en territoaria wurdt ûnderskie makke tusken harddrugs en softdrugs. Yn Nederlân is dat ferskil beskreaun yn 'e Opiumwet. Yn it gefal fan softdrugs wurde de risiko's fan it brûken fan sokke middels talitber achte. Harddrugs, dêrfoaroer, kinne de brûker folle mear skea tabringe. It is net sa dat softdrugs tastien en harddrugs ferbean binne. Yn prinsipe binne (alteast yn Nederlân) de measte softdrugs ek ferbean, hoewol't it gebrûk troch de autoriteiten en de plysje faak dulde wurdt ûnder it Nederlânske gedoochbelied. De hannel yn sofdrugs wurdt faak wol deeglik oanpakt, útsein as it om 'e ferkeap fan marihûana giet yn saneamde coffeeshops dy't dêr in fergunning foar hawwe. Oan 'e oare kant is alkohol, dat eins in harddrug is, in legaal produkt, wêrfan't it gebrûk algemien akseptearre is, ek al smyt it in protte maatskiplike swierrichheden op, lykas iepenbiere dronkenskip, alkoholisme, fandalisme, geweld en riden ûnder ynfloed.
Utgeande fan 'e effekten dy't drugs hawwe op it lichem en it bewustwêzen fan 'e brûker kinne der trije kategoryen ûnderskaat wurde:
Ta de ferdôvjende middels, ek wol downers neamd, hearre:
Ta de stimulearjende middels, ek wol uppers neamd, hearre:
Oare stimulearjende middels binne plantaardige stoffen. Men kin dan tinke oan munt, guarana, efedrine en it Somalysk kat. Ek ferskate merken enerzjydrinken meitsje fan sokke stoffen gebrûk.
Ta de hallusinogene middels, ek wol psychedelyske drugs of geastferromjende middels neamd, wurde rekkene:
Yn minder sterke mjitte hearre ek absint en hop ta dizze kategory. Hallusinogene middels binne allegear yn hegere of mindere mjitte psychodysleptysk, wat betsjut dat se it bewustwêzen feroarje en/of ferromje. Se feroarsaakje faak hallusinaasjes: waanfoarstellings dy't op dat stuit as echt ûnderfûn wurde. Dat is fral sterk it gefal by paddo's en MDA. It bekende LSD feroarsaket faak gjin wiere hallusinaasjes om't de brûker him dêrby faak bewust bliuwt of bliuwe kin fan it feit dat wat er ûnderfynt net ta de wurklikheid heart.
Drugs kinne, krekt as alle gemyske stoffen en medisinen trouwens, op ferskate wize ynnommen of tatsjinne wurde:
Der wurdt gauris sein dat harddrugs sawol lichaamlik as geastlik ferslaavjend wurkje kinne, wylst softdrugs net of allinne geastlike ferslaavjend binne. Dat is net hielendal wier. In ferslaving oan softdrugs (lykas marihûana) ûntstiet minder fluch as in ferslaving oan harddrugs (lykas heroïne), mar in ferslaving oan softdrugs kin wol deeglik foarkomme, sawol op lichaamlik as op geastlik flak. De ûntwenningsferskynsels by it ôfkicken binne oer it algemien minder swier as by in ferslaving oan harddrugs, mar dêrom noch hieltyd gjin pretje. Dêrby komt dat softdrugs lykas marihûana oer it algemien troch smoken ynnommen wurde en dêrby mongen wurde mei tabak, dat troch de oanwêzigens fan nikotine tige ferslaavjend is.
By harddrugs binne de ûntwenningsferskynsels faak tige ferheftich, mar geane de slimste symptomen ornaris nei fiif dagen oer. Dêrnei folget noch in perioade fan 'psychysk ôfkicken' dy't fan krúsjaal belang is om in weromfal foar te kommen. Nei it ôfkicken, as de ferslaafde clean is, bestiet ien fan 'e grutste gefaren derút dat de brûker in weromfal kriget en dan daliks wer begjint te brûken mei deselde doazis as foar it ôfkicken. De opboude tolerânsje kin nammentlik hiel fluch ôfnimme, sadat dêrtroch gau it gefaar fan in oerdoazis ûntstiet.
Hoewol't goed fersniene harddrugs (d.w.s. harddrugs dy't fermongen of fertinne binne mei in oare stof) eins net sa skealik binne as bygelyks grutte hoemannichten alkohol, soargje se faak dochs foar problemen. Ferslaafden besteegje der mear jild oan as dat se eins misse kinne, en komme dêrtroch yn 'e finansjele swierrichheden, dy't se faak besykje op te lossen troch út te stellen te gean. In lichaamlik effekt fan it nimmen fan harddrugs is dat men minder honger ûnderfynt en dêrom te min yt en geandewei fermeageret. En ûnder de psychyske ynfloed fan drugs kin men nuvere dingen dwaan, dy't sawol foar oaren as foar jinsels raar útpakke kinne. Troch al dy omstannichheden belânje ferslaafden oan harddrugs gauris yn 'e kriminaliteit en ek reitsje se faak harren hûs kwyt en wurde dakleas, mei alle gefolgen dy't dat wer hat.
Guon drugs hawwe njonken gebrûk as genotsmiddel ek in funksje as genêsmiddel. Sa is yn Nederlân en in grut tal oare lannen tsjintwurdich medyske marihûana of 'mediwyt' al ridlik ynboargere rekke. It kin helpe by de bestriding fan pine en oare ferfelende symptomen fan lju dy't oanhelle binne mei bgl. kanker of reuma, sadat de libbenskwaliteit fan 'e pasjinten ferbettere wurdt. Fierders wurdt der ek ûndersyk dien nei de behanneling fan slimme geastlike sykten mei LSD en paddo's, wylst MDMA mooglik helpe kinne soe by de behanneling fan kanker.
Yn guon godstsjinsten, benammen yn natoerreligyen, wurdt fan beskate, benammen hallusinogene middels gebrûk makke yn religieuze seremoanjes. It bekendste is yn dat ferbân de histoaryske peyotekultus fan 'e Yndianen yn it Amerikaanske Súdwesten, dy't hjoed de dei fuortlibbet yn 'e praktiken fan 'e Lânseigen Amerikaanske Tsjerke (NAC). Dêrby waard it fleis fan 'e lytse stikelleaze peyotekaktus (Lophophora williamsii) brûkt, dat it hallusinogeen meskaline befet, om fizioenen op te wekjen. Om't dy plant no yn syn fuortbestean bedrige wurdt, brûkt men dêr tsjintwurdich ynstee de folle mear foarkommende en gruttere San Pedrokaktus (Echinopsis pachanoi) foar.
Mank de Kosa (Xhosa) fan Súd-Afrika hat de plant Silene undulata in hillige status, wêrfan't de woartel troch de sjamanen brûkt wurdt om libbene, neffens de Kosa profetyske, dreamen op te wekjen. De medisynmannen fan 'e Mazateken, yn Meksiko, brûke de plant Salvia divinorum om fizioenen op te wekjen, en yn it Amazônegebiet wurdt dêrfoar ayahuasca brûkt, in brousel dat makke wurdt fan 'e liaan Banisteriopsis caapi en oare yngrediïnten. Fierders brûkt it rastafarianisme, in godstsjinst dy't gjin natoerreligy is, mar benammen op Jamaika beliden wurdt, it smoken fan marihûana (ganja) as in religieus sakramint.
In drug dy't brûkt wurdt by religjeuze rituelen neamt men in enteogeen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.