From Wikipedia, the free encyclopedia
De Dom fan Xanten (Dútsk: Xantener Dom) is in katolyk tsjerkegebou yn 'e stêd Xanten yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De beide tuorren fan 'e domtsjerke binne 72 en 74 meter heech. Yn 1937 krige de tsjerke fan paus Pius XI de earetitel fan basilica minor.
Dom fan Xanten | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
kreis | Wesel | |
plak | Xanten | |
koördinaten | 51° 39' N 6° 27' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
status | basilica minor | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1263-1544 | |
boustyl | gotyk | |
Webside | ||
www.sankt-viktor-xanten.de | ||
Kaart | ||
De dom is ferneamd nei de hillige Fiktor fan Xanten. De patroanhillige wie ea in romeinsk ofsier yn it Tebaanske legioen. Nei't it legioen wegere oan 'e romeinske ôfgoaden te offerjen, waard Fiktor tegearre mei 360 oare soldaten fan it legioen yn it amfiteater fan Vetera, dat yn 'e omkriten fan it tsjintwurdige Birten lei, martele en fermoarde. Neffens de leginde soe keizerin Helena fan Konstantinopel foar de oerbliuwsels fan 'e martelder en syn legionêren in kapel stifte ha. Ut opgrafings is letter fêststeld dat yn 'e 4e iuw in cella memoriae boud is. Dy kapel waard lykwols net foar Fiktor oprjochte, mar foar twa manlju dy't letter yn de krypt byset waarden.
Freark en Koenrad fan Hochstaden leine yn it jier 1263 de earste stien foar de domtsjerke op it plak fan in âldere foargonger. By de tsjerke hearde in sticht, dat in eigen gebiet yn 'e stêd foarme en ôfsluten wurde koe troch in noardlike en in súdlike poarte. Fan dy poarten bestiet tsjintwurdich allinnich noch de súdlike poarte. De bou fan 'e tsjerke duorre 281 jier en mei it wijen fan 'e Hillige Geastkapel (Heilig-Geist-Kapelle) wie it bouwurk lang om let foltôge. Alhoewol't de domtsjerke oarspronklik as in trijeskippich gebou mei dwersskip ûntwurpen wie, bestiet de tsjerke no út fiif skippen yn goatyske styl. Yn tsjinstelling ta in protte oare tsjerken út dy tiid hat de tsjerke gjin koeromgong. Ynstee dêrfan binne der twa pear kapellen oan it koer boud, sa't dy ek by de Us-Leaffrouwetsjerke (Liebfrauenkirche) fan Trier oantroffen wurde.
De Sint-Fiktortsjerke besit mei de Stiftsbibliothek Xanten ien fan de wichtichste biblioteken yn it gebiet fan 'de Nederryn.
Yn it heechalter stiet in ûnderdiel fan 'e tsjerkeskat fan 'e katedraal: de mei ealstiennen beleine skryn fan 'e hillige Fiktor. It is ien fan de âldste skrinen fan it Rynlân. Dêryn wurde sûnt 1128 de ferûnderstelde oerbliuwsels fan 'e patroanhillige bewarre. It retabel fan it heechalter út it begjin fan 'e 16e iuw heart by de wichtige keunstwurken fan 'e iere renêssânse oan 'e Ryn. De doarren fan it retabel befetsje skilderijen fan de Dútske skilder Bartoloméus Bruyn de Aldere út it jier 1534 mei foarstellings út leginden fan Fiktor en Helena. Yn 'e rest fan 'e tsjerke is mear wurk fan dy skilder te sjen.
Oant hjoeddedei binne 24 út hout sniene sydalters bewarre bleaun. De measten dêrfan waarden yn 'e 15e iuw oan 'e Nederryn makke. Fral it Marteldersalter (Märtyreraltar), it Marije-alter (Marienalter), it Martinusalter en it Antoniusalter binne it neamen wurdich.
Oan 'e pylders fan it middenskip steane 28 stiennen bylden, dy't om 1300 hinne makke binne. Ut de 15e iuw stamme de bylden fan 'e fjouwer tsjerkfaars en de hillige Martinus, de hillige Kornelius en dy fan de tsjerkepatroan Fiktor. Yn 'e 15e en 16e iuw waard de rige oanfolle mei de bylden fan de hillige Kristoffel, de hillige Trije Keningen en in Marijebyld.
It doksaal fan 'e tsjerke waard tusken 1396 en 1400 boud. Nei de sekularisaasje bleau it doksaal troch yngripen fan 'e arsjitekt Karl Friedrich Schinkel yn 1815 bewarre.
It oargel mei 45 registers ferdield oer trije manualen en pedaal waard yn 1975 troch de oargelbouwer Seifert út Kevelaer boud. It ynstrumint hat meganyske spyltraktueren en elektryske registertraktueren.
De grutte bibleteek fan it sticht bleau ek bewarre en is allinne yn it ramt fan in rûnlieding te besjen. Troch de sekularisaasje yn 'e 19e iuw waard de oarspronklike stichtsbiblioteek oanfolle mei in protte wurk út oare kleasters út de omkriten fan Xanten. Dielen fan 'e oarspronklik bibleteek waarden lykwols ûnder Napoleon nei Parys brocht. Oare dielen kamen yn Bonn, Keulen en Múnster telâne.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.