From Wikipedia, the free encyclopedia
In dokumintêre (fan 'e eigenskipswurdlike ferbûging fan it Midfrânske document, "dokumint") is in non-fiksjefilm of -radioprogramma, wêrby't de makker oan 'e sjoggers of harkers in byld besiket te jaan oer in aspekt fan 'e reäliteit. Soks kin bgl. gean oer in ûnderwerp út 'e polityk, de wittenskip, de skiednis of oer in maatskiplik ûnderwerp. Dokumintêres ûnderskiede har fan registraasjes (fan bgl. in sportwedstryd of in keninklik besyk) troch de wize dêr't it ûnderwerp op beljochte wurdt, kompleet mei eftergrûnen en faak ek mei kommentaar fan 'e belutsenenen. Om in dokumintêre te meitsjen is sadwaande in protte ûndersyk foarôf nedich. De regisseur fan in dokumintêre wurdt in dokumintêremakker neamd.
Hoewol't der eins technysk gjin inkele reden wêrom't men gjin hiel koarte of lange dokumintêres meitsje soe, is de lingte fan in dokumintêre trochinoar in healoere oant trije kertier. Langere dokumintêres wurde yn 'e regel yn sikken knipt en as dokumintêresearje op 'e tillefyzje brocht. Koartere dokumintêres neamt men reportaazjes, en dy wurde feitliks allinnich mar makke as ûnderdiel fan in aktualiteiterubryk. In dramatisearre dokumintêre wurdt in dokudrama neamd. In apart soarte dokumintêre, dat eins gjin dokumintêre is, is de saneamde mockumentary (in gearlûking fan 'e Ingelske wurden to mock, "bespotte", en documentary, "dokumintêre"). Dat is in parody op in dokumintêre, wêrby't in echt of fiktyf ûnderwerp op in dokuminêre-eftige manear foar it fuotljocht brocht wurdt, mar op sa'n wize dat der net folle fan op feiten berêst.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.