Dinosauriërs
From Wikipedia, the free encyclopedia
Dinosauriërs (inkeltal: dinosaurus; Latyn: Dinosauria) binne in diergroep binnen de archosauriërs, dy't út it Mesozoïkum stamt.
De âldste fynsten fan dinosauriërs binne 230 miljoen jier âld, it Trias tiidrek wêryn't de dinosaurus opkomt. Yn it dêropfolgjende Jura en Kryt binne de dinosauriërs de machtichste lândieren, wierskynlik binne it de grutste bisten dy't der ea west ha. Tûzenen soarten, fleisiters en planteïters, ûntjoegen har ta ferskate foarmen, mei troch evolúsje. Oan de ein fan it Kryt, 65 miljoen jier lyn, stoaren de measte dinosauriërs út, faaks troch in meteoryt dy't doe op de ierde delfoel. Fûgels binne noch libjende dinosauriërs.
Yn de paleontology ûndersykje wittenskippers de fossilen. Dêrfoar wurde ferstienne bonken en hûd- of weefselôfdrukken dy't troch spoaren yn fossilen oerlevere binne, lykas foetprinten en aaien. Resten fan dinosauriërs binne op alle kontininten op de wrâld fûn, sa ek op Antarktika, dêr't ek dinosauriërs libben yn de tiid dat al it lân fan de wrâld ferienige wie yn it superkontinint Pangea.
Sûnt 1810 wurde de útstoarne dinosauriërs wittenskiplik beskreaun en de groep krige yn 1842 syn namme. Tusken 1870 en 1925 waarden in soad dinosaurusfossilen ûntdutsen, fral yn Noard-Amearika. Dêrnei wie der wat minder omtinken mar sûnt 1968 is der hieltyd mear ûndersyk, wêrtroch nije soarten ûntdutsen binne en mear klearrichheid oer harren sibskip, bou, stofwikseling, fermogen ta sosjale ynteraksje.