Dinaryske Alpen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Dinaryske Alpen is in berchtme, dat oer de westlike Balkan by de kust fan 'e Adriatyske See lâns rint en dielen fan Itaalje, Sloveenje, Kroaasje, Bosnje-Hertsegovina, Servje, Montenegro, Kosovo en Albaanje beslacht. It berchtme bestiet út karst en kalkstien, wêrby in protte grotten útsletten binne. De Dinaryske Alpen binne ûnderdiel fan in grutte rige bergen, dêr't ek de Alpen en de Karpaten ûnderdiel fan binne. De heechste berch is de Dinara, mei 1913 meter. Nettsjinsteande dat de bergen oan de Adriatyske See lizze, hawwe se gjin mediterraan klimaat.