Die Hard with a Vengeance
From Wikipedia, the free encyclopedia
Die Hard with a Vengeance, soms Die Hard 3 neamd, is in Amerikaanske aksjefilm en plysjefilm út 1995 ûnder rezjy fan John McTiernan, mei yn 'e haadrollen Bruce Willis, Samuel L. Jackson en Jeremy Irons. De titel is in fariaasje op 'e namme fan 'e foargeande films, dy't Die Hard hieten, wat letterlik "Stjer Dreech" betsjut (mar eins oerset wurde kin as "Taaienien"). Die Hard with a Vengeance betsjut dan sokssawat as "Stjer Noch Helte Dreger" (of "Noch Folle Taaierenien"). It ferhaal folget de New Yokske resjersjeur John McClane, dy't diskear it doelwyt wurdt fan in terrorist dy't himsels 'Simon' neamd. Dyselde lit him en in ûnwillige boarger, de swarte Zeus Carver, troch de hiele stêd hinne healwize en gefaarlike opdrachten útfiere en nuvere riedsels oplosse, nei't it skynt om wraak te nimmen op McClane foar de dea fan syn broer, dy't McClane sân jier earder ombrocht hat. Die Hard with a Vengeance wie it trêde diel yn 'e Die Hard-filmsearje, en folge as sadanich op Die Hard 2, út 1990. De film krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in reuseftich kommersjeel súkses. Nettsjinsteande dat duorre it tolve jier foar't der in fjirde diel yn deselde rige útkaam: Live Free or Die Hard, út 2007.
Die Hard with a Vengeance | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | John McTiernan | |
produsint | John McTiernan Michael Tadross | |
útfierend produsint | Andrew G. Vajna | |
senario | Jonathan Hensleigh | |
kamerarezjy | Peter Menzies jr. | |
muzyk | Michael Kamen | |
filmstudio | Cinergi Pictures | |
distribúsje | 20th Century Fox (N.-Am. & Jap.) Buena Vista Int. (ynternasj.) | |
spilers | ||
haadrollen | Bruce Willis Samuel L. Jackson Jeremy Irons | |
byrollen | Graham Greene Larry Bryggman Colleen Camp Anthony Peck Nick Wyman Sam Phillips | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 19 maaie 1995 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjefilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Dútsk en Hongaarsk) | |
spyltiid | 128 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $90 miljoen | |
opbringst | $366,1 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Die Hard | |
● foarich diel | Die Hard 2 | |
● folgjend diel | Live Free or Die Hard |