![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/3/3a/Persian_Empire%252C_490_BC.png/640px-Persian_Empire%252C_490_BC.png&w=640&q=50)
De Tsientûzen (hierlingen)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Tsientûzen (Aldgryksk: οἱ Μύριοι, oí Myrioi) wie in militêre formaasje yn 'e Grykske Aldheid, besteande út hierlingen fan almeast Grykske etnisiteit, dy't likernôch 10.000 man omfieme (dêrfandinne de namme). Dizze formaasje waard ynhierd troch Syrus de Jongere, in Perzyske prins, om 'e karkloft fan it leger te foarmjen dêr't er syn broer Artakserkses II mei fan 'e troan stjitte woe. De mars fan 'e Tsientûzen nei de jammerdearlik ferrûne Slach by Kûnaksa, djip yn it Perzyske Ryk, en harren helske weromtocht nei de kust, yn 401-399 f.Kr., waarden neitiid beskreaun yn 'e Anabasis troch de Aldgrykske legeroerste, histoarikus en kriichskundige Ksenofon (±430-354 f.Kr.), dy't it sels meimakke hie. It is in ta de ferbylding sprekkend ferhaal, dat yn 'e moderne tiid ferskate kearen imitearre en adaptearre is.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/3/3a/Persian_Empire%2C_490_BC.png/640px-Persian_Empire%2C_490_BC.png)