From Wikipedia, the free encyclopedia
De Trouwe Waghter is in wipmole ten easten fan it doarpke Tienhoven (Stichtske Fecht) yn de Utert.
De mole waard yn 1832 boud as ferrfanging fan twa âldere moles dy't op in oar plak it wetterskip Breukelerfean bemealden. Troch turfwinning en it ûntstean fan de Loasdrechtske Plassen waard bemealing yn it eastlike gedielte fan de polder needsaaklik en ferriisde dizze mole. Oant 1948 hat de mole de polder bemeald middels in skeprêd. Yn 1950 gie de mole oer yn partikuliere hannen en waard it binnenwurk útbrutsen en waard de mole as wykeinferbliuw ynrjochte. Yn 1960 kaam de mole yn hannen fan Natoermonuminten dy't de mole yn 1970 draairee restaurearje liet. Sûnttiids is de mole op frijwillge basis sa no en dan draaiend te bewonderjen. Yn 2008 hat der werstelwurk west oan dit ryksmonumint. De molen hat roeden mei in lingte fan mear as 20 meter dy't in âldhollânsk stekwurk mei seilen hawwe.
De mole hat de namme De Trouw Waghter sûnt de Twadde Wrâldoarloch. Dy namme krige de mole troch de rol dy't de mole foar ûnderdûkers spile hat. De destiidske moolner joech middels ferskate wjukstannen sinjalen troch.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.