De Swarte Kat (koart ferhaal fan Edgar Allan Poe)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Swarte Kat, yn it oarspronklike Ingelsk: The Black Cat, is in koart ferhaal fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). It is wol typearre as in stúdzje nei de psychology fan skuldgefoelens, en wurdt sadwaande gauris op ien sike neamd mei in oar koart ferhaal fan Poe, The Tell-Tale Heart. Beide ferhalen geane oer in moardner dy't syn misdie besiket te fertsjustermoanjen, mar úteinlik, fanwegen skuldgefoelens dy't him oermânsk wurde, it spul sels útbringt. The Black Cat, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, waard foar it earst publisearre yn 'e krante The Saturday Evening Post, yn augustus 1843. De Fryske oersetting fan Inne de Jong datearret fan 1949.
Fluch de feiten
De Swarte Kat | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Black Cat | |
auteur | Edgar Allan Poe | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | gothic, horror | |
1e publikaasje | 1843 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Swarte Kat | |
publikaasje | 1949, yn De Tsjerne | |
oersetter | Inne de Jong |
Slute