![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/51/Rudolf_Koivu_-_Lumikuningatar.jpg/640px-Rudolf_Koivu_-_Lumikuningatar.jpg&w=640&q=50)
De Sniekeninginne
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Sniekeninginne, yn it oarspronklike Deensk: Snedronningen, is in mearke fan 'e hân fan 'e Deenske skriuwer Hans Christian Andersen (1805-1875). It ferhaal draait om 'e wrakseling tusken goed en kwea, dy't ta utering brocht wurdt yn 'e aventoeren fan 'e lytse Gerda en har freon Kai. De Sniekeninginne waard foar it earst publisearre yn 1844, as ûnderdiel fan 'e ferhalebondel Nye Eventyr: Anden Samling ("Nije Aventoeren: Oarde Samling"). it is ien fan Andersen syn langste en meast priizge ferhalen, dat ek hjoed de dei noch geregeldwei tafoege wurdt oan ferhaleboeken foar bern. It is gauris adaptearre ta oare media, lykas film, tillefyzje en muzyk. Ek foarme it de ynspiraasje foar films as Frozen en The Huntsman: Winter's War
Fluch de feiten
De Sniekeninginne | ||
![]() | ||
De Sniekeninginne, in yllustraasje fan Rudolf Koivu. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Snedronningen | |
auteur | Hans Christian Andersen | |
taal | Deensk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | mearke | |
1e publikaasje | 1844, Kopenhagen | |
bondel | Nye Eventyr: Anden Samling |
Slute