De Reade Pimpernel
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Reade Pimpernel, yn it oarspronklike Ingelsk: The Scarlet Pimpernel, is in aventoerlike histoaryske roman fan 'e hân fan 'e Hongaarsk-Britske skriuwster, toanielskriuwster, oersetster en keunstneresse Emma baronesse Orczy (1865-1947). It boek waard foar it earst publisearre yn 1905, en wie eins in adaptaasje fan Orczy har tige by tige súksesfolle toanielstik mei deselde namme. It ferhaal spilet ûnder it Skrikbewâld, fuort nei de Frânske Revolúsje, yn 1789. In Ingelsk aristokraat, sir Percy Blakeney, nimt it op him om ûnder de skûlnamme fan 'e "Reade Pimpernel" Frânske eallju te rêden fan in ûnfertsjinne dea ûnder de guillotine. It boek, dêr't Orczy neitiid noch mear as tsien minder súksesfolle ferfolgen op skreau, hat grutte ynfloed útoefene op 'e Westerske literatuer en de Westerske kultuer yn it algemien. De Fryske oersetting fan Goasse Rinse Groustra ferskynde tusken 1953 en 1955 yn fúljetonfoarm.
De Reade Pimpernel | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Scarlet Pimpernel | |
auteur | Emma baronesse Orczy | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | histoaryske roman, aventoereroman | |
1e publikaasje | 1905, Londen | |
oarspr. útjwr. | Hutchinson & Co. | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Reade Pimpernel | |
publikaasje | 1953-1955, as fúljeton | |
oersetter | Goasse Rinse Groustra |