De Raven
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Raven, yn it oarspronklike Ingelsk: The Raven, is in gedicht fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). Dit gedicht fertelt it ferhaal fan it riedselich midsnachtlike besyk fan in pratende raven, dy't inkeld it wurd nevermore ("nea wer") seit, oan in oeralle minner dy't treuret om it ferlies fan syn leafste Lenore. Dêrby toant it de stadige delgong fan 'e jongeman nei sljochtsinnigens. The Raven is nei alle gedachten Poe syn meast ferneamde en bewûndere wurk, en it is sûnder mis it meast adaptearre. Dy adaptaasjes nimme gauris de foarm oan fan parodyen wêrby't fral de pratende raven persiflearre wurdt; de fraze Quoth the Raven (argaysk Ingelsk foar "Spriek de Raven") wurdt dan yn 'e regel meisin misbegrepen as de eigennamme fan it bist. The Raven waard foar it earst publisearre yn 1845, yn 'e krante de New York Evening Mirror, en waard al rillegau withoefaak werprinte. It wie sa'n súkses dat it Poe grutte bekendheid besoarge, al die it him yn finansjeel opsjoch net folle fertuten. De earste Fryske oersetting fan The Raven datearret út 1949, en is fan 'e hân fan Douwe Tamminga.
De Raven | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Raven | |
auteur | Edgar Allan Poe | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | epysk gedicht | |
1e publikaasje | 1845 | |
bondel | The Raven and Other Poems | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Raven | |
publikaasje | 1949, yn De Tsjerne | |
oersetter | Douwe Tamminga |