De Koperen Tún (roman)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Koperen Tún, yn it oarspronklike Nederlânsk: De Koperen Tuin, is in roman fan 'e hân fan 'e yn Harns bern Nederlânske skriuwer, dichter, essayist, oersetter, muzykkritikus en dokter Simon Vestdijk (1898-1971). It ferhaal, dat him ôfspilet yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw, giet oer jonkheid en leafde, en spilet yn in plak dat Vestdijk inkeld oantsjut as "W...", mar dêr't grif Ljouwert mei bedoeld is; de Prinsetún nimt yn it boek in wichtich plak yn. De Koperen Tuin waard foar it earst publisearre yn 1950, by útjouwerij Nijgh & Van Ditmar, en it ferhaal waard yn 1975 as earste roman fan Vestdijk ferfilme yn in tillefyzjesearje fan 'e NCRV, ûnder rezjy fan Bob Löwenstein, nei in senario fan Yvonne Keuls. De Fryske oersetting fan 'e roman, fan 'e hân fan Jan de Jong, ferskynde yn 1994.
De Koperen Tún | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | De Koperen Tuin | |
auteur | Simon Vestdijk | |
taal | Nederlânsk | |
foarm | roman | |
1e publikaasje | 1950, Amsterdam | |
oarspr. útjwr. | Nijgh & Van Ditmar | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Koperen Tún | |
publikaasje | 1994, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Fryslân | |
oersetter | Jan de Jong | |
ISBN oers. | 9 07 00 98 423 |