From Wikipedia, the free encyclopedia
De Jonge Dirk is in mûne yn it Westzijderveld fan Westsaan. De mûne stiet op in stik lân east fan 'e Gouw en noard fan 'e Weelsloot.
De Jonge Dirk | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Saanstêd | |
plak | Westsaan | |
adres | Guisweg | |
koördinaten | 52° 27' N 4° 47' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | papiermûne | |
flecht | 8,10 m | |
boujier | 1908/1959 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | fer. De Zaansche Molen | |
monumintale status | gemeentlik monumint | |
Webside | ||
www.zaanschemolen.nl | ||
Kaart | ||
De Jonge Dirk waard yn 1908 boud as 'Het Indiës Welvaren' oan it Blauwe Pad yn Saandam as speserijenmûnemolen. Yn 1958 waard de lokaasje yn it ramt fan gemeentlike útwreidingsplannen beboud en alles wat der stie lykas ek de mûntsjes Het Indiës Welvaren en De Huisman moast ferdwine. Het Indiës Welvaren ferhûze doe nei Westsaan, dêr't de mûne ek hjoed-de-dei noch as 'De Jonge Dirk' troch frijwilligers draait.
Yn 'e jierren 1970 sette in nije eigner mealwurk yn 'e mûne, sadat der ek papier produsearre wurde koe, lykas by 'De Schoolmeester', de grutte broer oan 'e oare kant. De mûne waard yn 1981 oan Hessel de Vries ferkocht, de lêste partikuliere eigner fan 'e mûne. Om 't de mûne te lyts waard, liet dy yn 1983 in skuorke oan 'e westkant oanbouwe.
Nei it hommelse ferstjerren fan Hessel de Vries stie it mûntsje in skoft stil. Op 8 maaie 2014 ha't it neiteam fan Hessel de Vries de mûne oan 'e feriening De Zaansche Molen oerdroegen. Der waard in nije ploech mûnders gearstald en de leden fan dy ploech litte de mûne regelmjittich draaie.
Yn 2016 waarden nije roeden stutsen. Op basis fan âlde ôfbylden binne dy safolle mooglik yn 'e styl fan Het Indiës Welvaren holden. Ek waard de stelling wer yn 'e âlde styl werom brocht. Yn 'e simmer is de betimmering fan it achtkant foar in grut part fernijd.
Njonken De Jonge Dirk stiet it lytse wipmûntsje 'De Zwaan'. Dat mûntsje hat lykas syn buorman ek al hiel wat meimakke en waard nei de skea by in stoarm yn 2004 op 'e nij boud. Beide mûnen lizze op in eilân en binne allinne oer it wetter te berikken. De mûne is op ôfspraak te besjen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.