From Wikipedia, the free encyclopedia
De Hoop is in stellingmûne yn Holwert út ± 1713. De achtkante boppekruier wie yn gebrûk as nôt- en pelmûne en wurket tsjintwurdich regelmjittich mei frijwillige mûnders.
De Hoop | ||
mûne / mole | ||
De mûne yn 2012 | ||
lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Holwert | |
adres | Mûnereed | |
koördinaten | 53° 21' N 5° 54' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôt- en pelmûne | |
flecht | 23,65 meter | |
boujier | 1713 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 38709 | |
Webside | ||
Side De Hoop | ||
Kaart | ||
De mûne De Hoop is in mûne dy't yn alle gefallen al foar 1713 bestie. Healwei de 18e iuw wie it mealwurk net mear lykas earder en koe de mûne mar foar in diel ynset wurde. Nei alle gedachten binne doe de roggestiennen bûten wurking steld en die de mûne allinne noch tsjinst as pelmûne.
Troch de opgong fan de moalfabriken gyng it yn 'e rin fan de tiid jimmeroan minder mei de mûne, wylst de pellerij benammen nei 1945 bot yn 't neigean rekke.
De Hoop waard yn de jierren 1950 bûten gebrûk steld en it binnenwurk waard weihelle. Yn 1963 kocht de gemeente Westdongeradiel De Hoop oan. Dêrnei ûndergyng de mûne ferskate restauraasjes, ûnder oare yn 1970 en 1980.
Yn 1994 waard Stifting Monumintebehâld Dongeradiel de nije eigener, dy't nei de gemeentlike weryndieling fan 2019 de namme Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân krige.
De Hoop is in achtkante, reiddutsen nôt- en pelmûne op in stiennen ûnderbou. De hichte fan de stelling is 6,30. De wjukken hawwe in flecht fan 23,65 meter en binne âldhollânsk ophekke. Njonken de bemealling wurdt de mûne ek as lesmûne brûkt.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Hoop, Holwert fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.