![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/3/35/Alighieri_-_Divina_Commedia%252C_Nel_mille_quatro_cento_septe_et_due_nel_quarto_mese_adi_cinque_et_sei_-_2384293_id00022000_Scan00006.jpg/640px-Alighieri_-_Divina_Commedia%252C_Nel_mille_quatro_cento_septe_et_due_nel_quarto_mese_adi_cinque_et_sei_-_2384293_id00022000_Scan00006.jpg&w=640&q=50)
De Godlike Komeedzje
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Godlike Komeedzje yn it oarspronklike Italjaansk La Divina Commedia, is in epysk gedicht fan 'e hân fan 'e grutte Midsiuwske Florintynske dichter Dante Alighieri (1265-1321). It wurdt rûnom beskôge as it hichtepunt fan 'e Italjaanske literatuer en ien fan 'e grutste wurken fan 'e wrâldliteratuer. Dante skreau De Godlike Komeedzje yn ballingskip yn Verona, tusken 1308 en syn dea, en beskriuwt der in optochte reis yn dy't er makket troch it hjirneimels, troch hel, faaiefjoer en paradys. Hy neamde syn masterwurk ienfâldichwei syn Commedia; it wie Giovanni Boccaccio, dy't it yn 1360 syn hjoeddeiske titel joech. Mei De Godlike Komeedzje lei Dante de basis mei foar de lettere hegemony fan it Toskaanske dialekt, dêr't it Standertitaljaansk op grûnfêste is. De Fryske oersetting fan Piter Wibertus Brouwer waard útjûn yn 2008.
De Godlike Komeedzje | ||
![]() | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | La Divina Commedia | |
auteur | Dante Alighieri | |
taal | Italjaansk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | epos | |
skreaun | 1308-1321 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Godlike Komeedzje | |
publikaasje | 2008, Ljouwert | |
útjouwer | ELF | |
oersetter | P.W. Brouwer | |
ISBN oers. | 978-9 07 15 60 057 |