De Deelen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Deelen is in 500 ha. grut leechfeangebiet yn it Lege Midden fan Fryslân. It leit east fan de A32 en besuden Aldeboarn. It gebiet is yn behear by Steatsboskbehear. Yn it Tripgemaal fan Gersleat is in wikseljende eksposysje mei materialen en foto's fan it gebiet. Yn it gebiet binne ek twa kuierrûtes útsetten.