De Bûnte Hin is in oaljemûne oan 'e Saanske Skâns yn 'e gemeente Saanstêd. De Bûnte Hin is de noardlikste mûne oan 'e Skâns.

Fluch de feiten
De Bûnte Hin
mûne / mole
Thumb
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Saanstêd
plakSaandam
adresKalverringdijk 39
koördinaten52° 28' N 4° 48' E
bysûnderheden
type mûnestellingmûne
funksjeoaljemûne
flecht22,90/23,05 m
boujier1693
werbou (foar in part): 1975
oare ynformaasje
eignerDe Zaansche Molen
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer506221
Webside
www.zaanschemolen.nl
Kaart
Thumb
De Bonte Hen
Slute

Skiednis

Op it plak fan 'e hjoeddeiske Bûnte Hin hat eartiids in houtseachmûne mei deselde namme stien. Dy mûne komt foar it earst foar yn in akte fan 16 febrewaris 1662 en is yn 1693 ôfbrutsen. Yn dat jier waard de oaljemûne De Bûnte Hin boud. Oant 1935 bleau de mûne yn syn oarspronklike steat stean. Yn dat jier waard it achtkant en de stelling weibrutsen.

Yn 1973 krige de feriening De Zaansche Molen de romp yn syn besit. Mei in aksje en oerheidssubsydzje koe de feriening de mûne restaurearje en rekonstruearje ta in mealreë oaljemûne. Sûnt is de mûne alle wiken op frijwillige basis yn bedriuw. Under de mûne binnenoch de orizjinele kelders foar it opslaan fan 'e produsearre oalje.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.