![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/1/16/Dame_Edna_%25287105779617%2529.jpg/640px-Dame_Edna_%25287105779617%2529.jpg&w=640&q=50)
Dame Edna Everage
From Wikipedia, the free encyclopedia
Dame Edna Everage wie in fiktive televyzjepresintatrise en skriuwster. Hja waard makke en spile troch de Australyske akteur Barry Humphries (1934-2023). Fral yn de jierren 1980 waard hja mei The Dame Edna Experience ek yn Nederlân bekend. Dame Edna stie bekend om har skerpe satire, har ekstravagante jurken, har pearse hier, oerdiedige juwielen en opfallende bril (face-furniture). Har favorite blom wie de gladioal en it publyk waard altiten oerdwealsk begroete mei "Hello, Possums!"
Edna Everage | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | dame Edna | |
sekse | froulik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berop/amt | presintatrise, skriuwster | |
oare ynformaasje | ||
attributen | útwrydske bril, pears hier | |
geastlike heit | Barry Humphries | |
ûntstean | 1955 |
Humphries skreau as Dame Edna ferskillende boeken en ek de autobiografy "My Gorgeous Life" (Myn Fantastyske Libben). Hja spile in rol yn ferskillende films en hie in grut tal bekende gasten yn har tillefyzjessjows. Somtiden spile Humphries ek himsels of oare alter-ego's yn de foarstellings fan Dame Edna.