Daddy's Home 2
film út 2017 fan Sean Anders / From Wikipedia, the free encyclopedia
Daddy's Home 2 is in Amerikaanske komeedzje en krystfilm út 2017 ûnder rezjy fan Sean Anders, mei yn 'e haadrollen Will Ferrell, Mark Wahlberg, Linda Cardellini, John Lithgow en Mel Gibson. De film is in ferfolch op Daddy's Home út 2015. It ferhaal folget de no befreone 'ko-heiten' Brad Whitaker en Dusty Mayron as harren eigen heiten mei de kryst op besite komme. Brad en syn heit ûnderhâlde in waarme relaasje, mar Dusty en syn heit kinne min mei-inoar. Aldsear, geheimen en opkroppe frustraasjes soargje foar minder as optimale feestdagen. Hoewol't Daddy's Home 2 oer it algemien negative resinsjes krige fan 'e filmkritisy, ûntjoech de film him yn 'e bioskopen ta in beskieden kommersjeel súkses.
Fluch de feiten
Daddy's Home 2 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Sean Anders | |
produsint | Will Ferrell Adam McKay Chris Henchy John Morris | |
senario | Sean Anders John Morris | |
kamerarezjy | Julio Macat | |
muzyk | Michael Andrews | |
filmstudio | Gary Sanchez Productions | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Will Ferrell Mark Wahlberg | |
byrollen | Linda Cardellini John Lithgow Mel Gibson John Cena Alessandra Ambrósio | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 5 novimber 2017 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | krystkomeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 99 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $69-70 miljoen | |
opbringst | $180,4 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Daddy's Home | |
● foarich diel | Daddy's Home |
Slute